SJOCH DE MUMMIES MEI EIGEN EAGEN

It wûnderlike ferhaal fan de iuwenâlde mummies fan Wiuwert is omjûn troch riedsels. It is noch hieltyd wittenskiplik net bewezen hoe it kin dat de lichamen al fan it jier 1609 ôf sa goed bewarre bliuwe. De grêfkelder is in mystearje en herberget it geheim fan Wiuwert. Wolst it mei eigen eagen sjen? Elts jier kinst fan april oant en mei oktober oan rûnliedingen meidwaan.


Skiednis fan de mummies

Yn 1765 fûnen timmerlju yn de tsjerke by tafal gave lichamen yn de grêfkelder. It wie de skrik fan har libben. Yn panyk draafden hja de Nicolaastsjerke út. Sy hiene gave lichems – mei doe noch klean oan – ûndutsen. Harren hûd der sa perfekt út as dat hja der noch mar krekt begroeven wie.

No, ieuwen letter, binne harren klean fergean, mar de lchems binne der noch altyd. In wûnder. Komt it troch it klimaat yn de kelder as is der wat oars oan de hân? De wittenskip is der noch altyd net oer út.

Fan de alve mummies binne der noch mar fjouwer oer. De measten binne ferdwûn by ûndersiken yn de eardere Universiteit fan Frjentsjer en oant bonken en schedels fergean. Want binne de lichames búten de kelder, dan fergeane sy oant stof. Fan wat Frânske soldaten der om 1800 mei útspoeke hawwe bestean spitigernôch allinne dizige ferhalen en geroften.

De fjouwer dy’t der no ieuwen letter noch altyd lizze, binne in famke fan fjirtjin dat omtrint 1610 oan tuberculose is ferstoarn, in frou dy omtrint 1618 in rêstich stoarn is, in man dy’t in pynlike dea hân hat fanwege in kaakabces en de goudsmid Stellingwerf dy sa op it each rêstisch ferstoarn is en as lêste begroeven is yn de kelder. Hy leit der sûnt it jier 1705.